Nij swimbad foar Nij Beets
Yn Nij Beets is sneon it swimbad De Blauwe Kamp op 'e nij iepene. De kaai fan it nije swimbad waard mei in helikopter brocht.
Nij Beets hat mei tal fan aksjes in grut part fan de goed seis ton euro byïnoar brocht om it swimbad op 'e nij te bouwen. It bad wie fjirtich jier âld. Der komme trochinoar sa'n 15.000 swimmers yn it jier.