Oldtimers ride alve stêden del

11 maaie 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De alvestêdetocht waard sneon ek riden mei oldtimers. Der diene 500 auto's en motors mei, it maksimale tal fanwege de grutte belangstelling.

De tocht begûn sneontemoarn yn Sleat. Ald-foarsitter Kranenburg krige foar syn ynset in earepenning fan de stêd. It wie de 17e kear dat de oldtimeralvestêdetocht riden waard. Ferline jier gong it oer fanwege de tongblier.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)