Gjin ferkiezingskampanje mear
De lanlike politike partijen hat juster besletten de ferkiezingkampanjes net troch te setten. In mearderheid fan de listlûkers wol fêsthâlde oan de ôfspra-ken dy't nei de moard op Pim Fortuyn makke binne. Listlûkers fan partijen meie noch wol yn 'e media ferskine, mar in TV-debat komt der net mear.
D66 woe de kampanje wer oppakke.