Sloop bargemesterij stopset

10 maaie 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De sloop fan in âld-bargemesterij yn Nij Beets is stopset. Begjin dit jier waard al ûntdekt dat der asbest yn de betonflier siet.

It sloopbedriuw, dat ûnderfining hat mei it ferwiderjen fan asbest, sette it wurk earst troch. Der is lykwols dochs asbest yn de jarrekolk telâne kaam en dy jarre is útriden. De sloop is no foarearst stilset.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)