Bern dogge mei oan Keunstrûte

10 maaie 2002 - 00:00

Der dogge dit jier 20 basisskoallen mei oan de Keunstrûte yn Ljouwert. 2500 bern ha meidien oan in tekenwedstriid. 360 bern binne dêrfan oerbleaun. Sy hawwe skilderijen makke op houten panelen.

Dy keunstwurken sille ek te sjen wêze lâns de rûte. It tema fan de Keunstrûte is dit jier 'In wrâld fol kleur'. De iepening is op 25 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)