Problemen mei De Fryske Greiden

© Omrop Fryslân
Bewenners fan âldereinwenten yn Skearnegoutum binne min te sprekken oer wenningbouferiening De Fryske Greiden. De beskerme wenfoarm is der al fan 1996 ôf en sa lang binne der ek al problemen mei ûnder oare de privacy.
Fan de 12 wenten steane der no 2 leech. De wenningbouferiening besiket dêr no minder falide jongerein yn te krijen. Sûnder oerlis, sa sizze de bewenners.