Keamer fan Keaphannel ûnberikber
Koartsluting yn in trafohúske hat der foar soarge dat de Keamer fan Keaphannel freed plat lei. De kompjûtersystemen wurken net en ek de telefoan die neat.
Der wiene mar 12 meiwurkers yn it gebou omdat der op de dei nei Himelfeart net in protte gebrûk makke wurdt fan de tsjinsten fan de Keamer. Yn de rin fan de middei wiene de problemen wer oplost.