D66 Ljouwert wol wer kampanje
D66 yn Ljouwert stipet de stelling fan Hans van Mierlo dat de ferkiezings- kampanje nei de útfeart fan Pim Fortuyn wer op gong komme moat. De ôfdieling skriuwt dat oan it lanlik bestjoer fan de partij.
Van Mierlo sei earder dat it net sa wêze kin dat politisy stil binne as it hiele lân stiet te triljen fan emoasje.