Dongeradiel wol fan fabryk ôf

09 maaie 2002 - 00:00

De gemeente Dongeradiel praat op 'e nij mei de eigner fan it eardere suvelfabryk yn Dokkum oer it ôfkeapjen fan it hierkontrakt. Dongeradiel woe yn it fabryk op yndustryterrein Betterwird in jeugdhonk ûnderbringe.

Nei protest fan de omwenners en bestjoerlike problemen binne de plannen feroare. Nije wike wurdt de útkomst fan it oerlis besprutsen yn it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)