'Fersmoarging Flyhors falt ta'
De fersmoarging fan it militêre oefenterrein De Flyhors op Flylân is minder grut as de Waadferiening seit. Boppedat is der perfoarst gjin risiko foar minsken en miljeu. Dat seit steatssekretaris Van Hoof fan Definsje.
De Waadferiening sei twa wiken lyn dat 10 kubike meter sân fersmoarge is troch oefeningen mei napalmbommen yn de jierren '60.