Postma brekt mei DSB-ploech

09 maaie 2002 - 00:00

De ûnderhannelingen tusken Ids Postma en de reedridersploech DSB oer in nij kontrakt binne woansdei ôfbrutsen. De âld-olympysk kampioen koe net akkoart gean mei it foarstelde basissalaris.

Postma woe in garânsje fan it bedrach dat hy minimaal fertsjinje soe. It foarstelde basislean fan Postma wie lykwols folle leger as dat hy earder fertsjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)