Gjin brede diskusje Suderseeline

© Omrop Fryslân
Der komt gjin brede maatskiplike diskusje oer it Suderseespoar. De steatefraksje fan GrienLinks woe dat, mar útsein de FNP, woene de oare partijen der net oan.
Neffens har is de prinsipebeslissing al naam en komme der ynkoarten noch in tal nije beslissingsmominten dat Fryslân ôfheakje kin. Nije wike sil yn besletten kring praat wurde oer de Fryske bydrage.