Ekstra kosten foar Dongeradiel

© Omrop Fryslân
It himmeljen fan de stedsgrêften yn Dokkum kostet de gemeente Dongeradiel folle mear as begrutte wie. Dat komt troch in misbegryp tusken de gemeente en de provinsje.
De provinsje hat it far fan de grêften koartlyn útbaggere. De gemeente hat dêr op meilifte en tagelyk de wâlen baggerje litten. De kosten fan it himmeljen by de mûnen wiene lykwols net meirekkene.