Cambuur - Den Bosch live op TV

08 maaie 2002 - 00:00

Omrop Fryslân TV sil de neikompetysjewedstriid SC Cambuur - Den Bosch sneon live útstjoere op televyzje. De útstjoering begjint nei Boppeslach, om 19.30 oere en duorret oant 21.30 oere.

It kommintaar by de wedstriid wurdt fersoarge troch sportferslachjouwer Sjouke Lousma. Den Bosch is de nije club fan Cambuur-trainer Gert Kruys.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)