Menameradiel hat nij kolleezje

08 maaie 2002 - 00:00

Menameradiel hat in nij kolleezje. Dêryn sitte Gemeentebelangen, CDA en PvdA. Wethâlder wurde Lute Pen (GB), Arend Dijkstra (CDA) en Wico van der Meulen (PvdA).

It program dat de trije partijen opsteld ha, wurdt meikoarten foarlein oan de gemeenteried. Jaap Aagtjes (GB) hat him weromlutsen. Hy is net iens mei de ferdieling fan de portefúljes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)