Gjin nijbou skoalle Suderbuorren
Bern yn de wyk Suderbuorren yn Ljouwert krije foarearst noch les yn needlokalen. De gemeente Ljouwert is akkoart gien mei útstel fan de bou fan in iepenbiere basisskoalle.
Earst wurdt it ferlet nei skoalromte yn de gemeente ûndersocht. Sa't it no liket sil it bysûnder ûnderwiis wol in nije skoalle yn de wyk bouwe.