Grutte drugsbinde Wolvegea pakt

© Omrop Fryslân
Yn Wolvegea is in drugsbinde oprôle. De plysje hat tolve minsken oanhâlden, seis fan harren hearre ta ien famylje. Sûnt ferline jier hannelen se yn hard-drugs. De drugs waard ferkocht oan dealers yn ferskate plakken yn Fryslân.
De plysje pakte yn maart de earste fer-tochten op, letter folge de rest. Guon sitte noch fêst. Troch de oanhâlding binne ek ynbraken oplost.