Iten útdiele mei net mear

07 maaie 2002 - 00:00

Dak- en thúsleazen yn Ljouwert krije twa kear yn de wike iten útdield. Leden fan de Zevende Dag Baptisten dogge dat, mar se moatte dermei ophâlde. It soarget foar tefolle oerlêst achter it stasjon.

Der komme sa'n fyftich dak- en thúsleazen op ôf en de groep groeit noch hieltyd. In soad reizgers fiele har bedrige. De gemeente hat ferbean om noch langer iten út te dielen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)