Gjin huzen op plak fuotbalfjild

07 maaie 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De fuotbalfjilden yn Beetstersweach hoege net ferpleatst te wurden. De rie fan de gemeente Opsterlân hat besletten dat der gjin senioare-apparteminten komme.

Dat woe Opsterlands Belang, de grutste partij. Mei de ynwenners fan it doarp wurdt no praat oer oare lokaasjes. Opsterlands Belang foarmet mei CDA en PvdA it nije kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)