Keunstskilder Walta ferstoarn

07 maaie 2002 - 00:00

De Fryske keunstskilder Meinte Walta is snein yn syn wenplak Ljouwert ferstoarn. Hy waard 82 jier. Walta begûn yn 1957 as frij keunstner en tekenlearaar op skoallen. Oan de Westersingel yn Ljouwert hie er syn atelier.

Walta makke benammen ekspresjonistysk wurk. Yn Bitgummole stiet in monumint fan syn hân. Ek hat er affysjes en boekomslaggen makke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)