Kruys lûkt him werom
Gert_Kruys hat him tiisdei weromlutsen as trainer fan SC_Cambuur. Kruys hat by FC Den Bosch in kontrakt tekene foar twa jier. Om´t Cambuur en Den Bosch beide yn poule A fan de neikompetysje spylje, hat Kruys besletten him direkt werom te lûken.
Tidens de neikompetysje nimme assistint-trainers Henny_Lee en Johan_Groote it oer fan Kruys.