Harm Wiersma: net útstelle
LPF-Fryslân, de Fryske ôfdieling fan 'e List Pim Fortuyn, fynt dat de ferkiezings op 15 juny gewoan trochgean moatte. It Fryske kandidaat keamerlid Harm Wiersma sei dat moandeitejûn op Omrop Fryslân TV.
"Dit is in hele grutte klap, mar wy geane troch", seit ek foarsitter Wiersma fan LPF-Fryslân.