Krânsen stellen op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
De doarpsmienskip op 'e Jouwer hat skokt reagearre op stellerij fan fjouwer krânsen by it oarlochsmonumint. De krânsen wiene dêr ôfrûne sneon by de Deadebetinking dellein. It is noch net dúdlik wa't de krânsen meinommen hat.
Al 50 jier wurde der op 4 maaie krânsen lein by it monumint yn de Jouster toer. De 4 maaie-stifting hopet dat de krânsen noch werom brocht wurde sille.