Menaam sit sûnder waarhoanne

© Omrop Fryslân
De hoanne fan de tsjerke fan Menaam is moandei fan de toer helle. De hoanne koe alle mominten fan de toer ôffalle. De toer moat dan ek nedich restaurearre wurde, mar dêr is noch gjin jild foar.
It tsjerkebestjoer is al tweintich jier dwaande om subsydzjes te krijen, mar it jild komt net earder as yn 2007 beskikber. As de toer opknapt is, wurdt de hoanne der wer op set.