Heech wetter: oare kuierrûtes

06 maaie 2002 - 00:00

Steatsboskbehear op Flylân leit guon kuierrûtes definityf om. It eilân wie ien fan de droechste plakken fan Nederlân, mar it wurdt hieltyd wieter. Troch it omheechkommen fan de grûnwetterstân steane parten fan kuier- en fytspaden betiden ûnder wetter.

Fan guon huzen steane de kelders fol. Ek it iennige sportfjild op Flylân is net te bespyljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)