Befrijingsfestival yn Ljouwert

05 maaie 2002 - 00:00

Snein waard yn Ljouwert wer it tradisjonele Befrijingsfestival hâlden. Sneintemiddei wiene der op it Aldehoustertsjerkhôf optredens fan ûnder oare de Fryske band Ramsk en Skik út Drinte.

Ek waard op de Grienewei wer de Befrijingsmerk hâlden. Undanks it wat suterige waar kamen der dochs noch sa'n 15.000 besikers op de festiviteiten ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)