Priis foar Gerrit Terpstra

05 maaie 2002 - 00:00

Keunstner Gerrit Terpstra fan Heech krijt de Kultuerpriis 2002 fan de gemeente Wymbritseradiel. Terpstra krijt de ûnderskieding fanwege syn grutte ynset foar de Fryske kultuer. Hy is byldzjend keunstner en brûkt by syn wurk faak ôffalmateriaal. De Kultuerpriis bestiet út in jildbedrach en in oarkunde. Terpstra krijt dy op 19 juny útrikt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)