Dútske leit krans op Skier

04 maaie 2002 - 00:00

In Dútske oarlochswiddo hat sneon in krâns lein by de deadebetinking op Skiermûntseach. Neffens de organisaasje is net de identitieit fan de frou it wichtichste, mar it feit dat ek sy immen ferlern hat yn de oarloch.

De echtgenoat fan de frou kaam om yn It Kanaal, tusken Frankryk en Ingelân. Hy spielde letter oan op Skiermûntseach en is dêr begroeven op De Vredenhof.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)