Jorritsma ûndernimt stappen

© Omrop Fryslân
Minister Jorritsma stapt nei de Rie fan Sjoernalistyk fanwegen it artikel yn it Algemeen Dagblad fan sneon. Se neamt it stik, dêr't se yn beskuldige wurdt fan belangeferstrengeling, 'tendentieus'. Se seit in skjin gewisse te hawwen en hat neat dien om har foar te skamjen.
As de kwestje har partij skea berokkenje kin by de ferkiezings, dan sil Jorritsma opstappe.