Opnij eb en floed Lauwersmar?

© Omrop Fryslân
De binnenfiskers binne tsjin op it opnij ynfieren fan eb en floed op 'e Lauwersmar. De tijen soene der opnij komme moatte om't it Lauwersmargebiet oars ticht groeie kin mei beammen.
Neffens de fiskers is it lykwols desastreus foar de fiskstân en foar de fiskerij. De behears- en advyskommisje Lauwersmar seit dit yn in advys oan gemeenten, provinsjes en wetterskippen.