Boufakkers Westerbaan mear lean

02 maaie 2002 - 00:00

Wurknimmers fan de Ljouwerter oannimmer Westerbaan krije in gruttere leansferheging dan yn de nije cao. Westerbaan sleat op 11 april al in apart akkoart. Dêryn is mear lean bedongen dan yn de nije cao dy't woansdeitenacht ôfpraat is.

Direkteur Westerbaan is fan doel om him oan de ôfspraken fan 11 april te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)