Besykjen ta moard?
Yn de Ayttasteech yn Ljouwert is woansdei in man oantroffen. Hy hie stekwûnen yn it gesicht, de hals en it bil. It slachtoffer (25) út It Hearrenfean is nei it sikehûs brocht.
Nei ynformaasje fan tsjûgen koe de plysje in man út Burgum en in man út Drachten oppakke. Ien hie bloed oan de hannen en de oar hie in mes by him. Se binne yn fersekering steld.