Akkoart berikt oer cao yn de bou

02 maaie 2002 - 00:00

Bûnen en wurkjouwers binne it woansdeitenacht iens wurden oer in nije cao yn de bou. Nei sân wiken, in rekord, komt der in ein oan de staking. Op seis regionale byienkomsten, wêrûnder It Hearrenfean, wurde de wurknimmers ynljochte oer it akkoart.

Se krije der twa prosint by. It wie te let om de stakers it goede nijs troch te jaan, dat freed wurdt wer wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)