Dennis de Nooijer nei NEC
Dennis de Nooijer is ferkocht oan NEC út Nijmegen. SC Heerenveen hat de fuotballer fjouwer seizoenen ûnder kontrakt hân. Yn 1998 kaam er mei syn twillingbroer Gérard fan Sparta nei Fryslân.
De 33-jierrige oanfaller komt al sûnt desimber 2001 op hierbasis út foar NEC. No hat er in kontrakt fan in jier tekene by de Nijmeechske klub.