PVV wol gjin nij AZC yn Dokkum

08 mrt 2012 - 15:54

PVV-keamerlid Fritsma wol dat de plannen foar de bou fan in nij asylsikerssintrum yn Dokkum per direkt stillein wurde. Dizze wike waard bekend dat sân sintra yn Nederlân har doarren slute moatte, omdat der hieltyd minder asylsikers ús lân yn komme. By de sintra dy't ticht gean sitte gjin Fryske AZC's.

Neffens Fritsma is de bou fan in nij sintrum in folslein oerstallige ynvestearring, benammen yn dizze tiden fan besunigings.

Trefwurden: 
PVV AZC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)