PvdA op Skier mei ôfdieling

© Omrop Fryslân
De PvdA wol in ôfdieling oprjochtsje op Skiermûntseach. Dêrmei is de Partij van de Arbeid de earste lanlike politike partij op it Waadeilân. De oprjochting bart op fersyk fan lokale PvdA-leden.
It eilân ken inkeld lokale partijen, fjouwer stiks. De PvdA-leden binne by ien dêrfan oansletten. Oft de partij ek meidocht oan de gemeenteferkiezings wurdt letter noch bepraat.