Sluting postkantoar yn Ljouwert
It postkantoar yn it gebou fan de Postbank oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert giet ticht. Troch de komst fan de euro wurdt der folle minder bûtenlânsk jild helle. It kantoar kin eins net mear út.
Nei alle gedachten slút it kantoar ein dizze moanne definityf de doarren. Der bliuwe noch acht kantoaren oer yn de Fryske haadstêd.