Staking leit asfaltferfier stil

01 maaie 2002 - 00:00

Fakbûnen ha de stakingen yn de bou útwreide. In grut part fan de asfaltsintrales lizze woansdei in pear oeren plat. Dêrtroch kin gjin asfalt ferfierd wurde. De wurkjouwersorganisaasje neamt de aksje teloarstellend.

De boustakingen binne ûnderwilens al sân wiken dwaande. De ûnderhannelingen oer in nije cao binne fêstrûn. De fakbûnen wolle sûnder betingsten oerlizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)