Rêstich ferrin Keninginnedei
Keninginnedei is op in pear ynsidinten nei oer it generaal rêstich ferrûn yn de provinsje. Yn Kollum binne nettsjinsteande de skerpere kontrôle twa ruten fernield. In man út Bûtenpost is oanhâlden.
Op Skylge wie in fjochtpartij. Twa eilanners waarden mei bakstiennen mishannele troch twa Limboargers. De slachtoffers binne behannele.