'Ynspraak boargers sweeftrein'

30 apr 2002 - 00:00

Der moatte diskusjejûnen komme oer de foar- en neidielen fan de sweeftrein. Dat skriuwt GrienLinks oan kommissaris Nijpels. Oant no ta hawwe de boargers hielendal gjin ynspraak hân yn it nut en de needsaak fan in Suderseespoar.

De diskusjejûnen soene yn juny hâlden wurde moatte, om't de trije noardlike provinsjes foar 1 july oanjaan moatte oft der genôch jild is foar it spoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)