Troch rein soad skea foar boeren
De boeren hawwe in soad te lijen fan it minne waar fan de ôfrûne dagen. Troch de rein, stoarm en hagel brekt it opkommende gewaaks gelyk ôf. De boeren koene wol wat rein brûke, mar wat er de lêste tiid fallen is, is echt te folle.
Benammen boeren mei sûkerbiten, ierapels en sipels hawwe skea. It slimst troffen binne de blombollekwekers. Op guon perselen is wol 40 prosint skansearre.