Autocross yn Wolsum giet oer

© Omrop Fryslân
De tradisjonele autocross op Keninginnedei yn Wolsum gong tiisdei net troch. De organisaasje besleat de cross oergean te litten fanwege it minne waar. Alle jierren komme der tûzenen minsken.
It is dit jier al de twadde kear dat de Friese Autocross Club in wedstryd yn Wolsum ôfsizze moast. Dat betsjut in flinke skeapost. Op Himelfeartsdei stiet de earstfolgjende cross op it program.