Stipe foar lytse bedriuwen

© Omrop Fryslân
Lytse bedriuwen dy't eksportearje wolle krije tenei help fan MKB Noord. De lytse bedriuwen út de trije noardlike provinsjes dogge it minder goed as yn de rest fan it lân.
De Europeeske Uny stelt 400.000 euro beskikber om de achterstân fuort te wurkjen. It projekt duorret twa jier en mei elkoar tachtich ûndernimmers kinne foar stipe yn de beneaming komme.