Plan 'Wengroep Estella' ôfwiisd

29 apr 2002 - 00:00

Leden fan de Apostel Andreus Stifting meie net in wengroep foarmje yn Aldehoarne. Dat stelt it kolleezje fan B&W fan de gemeente It Hearrenfean. Under de namme 'Wengroep Estella' woene de leden in wengroep fan 12 persoanen begjinne yn in pleats oan de Bûtenwei.

Neffens wethâlder Bouwers is it fersyk ôfwiisd omdat sa'n wenfunksje yn striid is mei it bestimmingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)