Strikwerda ferkeapet al syn fee

29 apr 2002 - 00:00

Multy-miljonêr Strikwerda ferkeapet al syn fee fan syn buorkerij yn Wytmarsum. Strikwerda hâldt op fanwege de ynstabile lânboupolityk en de lege feeprizen sûnt de tongblierkrisis.

Strikwerda, earder eigner fan automatisearringsbedriuw TAS, woe de grutste boer fan Nederlân wurde. Hy hat yn totaal sa'n 1200 stiks fee. It lân en de gebouwen fan de pleats bliuwe fan him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)