Wâldrock: Arch Enemy & Overkill

28 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der binne twa nije bands tafoege oan de line-up fan Wâldrock: Overkill en Arch Enemy. It metalfestival wurdt 22 juny hâlden oan de Simmerdyk, krekt bûten Burgum. De band Halford komt net.

De organisaasje is op syk nei in plakferfanger foar Halford. Der sil ek noch in Fryske band op it programma komme. It is noch net dúdlik hokker band dat is. Der steane no tolve bands programmearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)