Jan de Haan 7e by Soundmixshow

© Omrop Fryslân
Jan de Haan fan Winsum is dit wykein einige as sande yn de finale fan de Soundmixplayback-show fan RTL4. De Haan die mei as Paul de Leeuw.
De winners fan de finale waarden bepaald troch de minsken thús. Dy koene trochbelje wa't sy de bêste fûnen. Earder wie de Winsumer winner wurden fan ien fan de foarrondes. Hy is sels wiis mei syn sande plak.