Fjochtpartijen op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sneintemoarn ha der twa fjochtpartijen west op It Hearrenfean. In ynwenner fan Aldehaske (19) waard yn inoar slein troch 3 manlju yn de Crackstjitte. De 3 mannen binne oanhâlden troch de plysje.
Ek op de Alde Komerk waard fochten. Trije manlju waarden lilk om't se in diskoteek net yn mochten. Se foelen in plysjeman oan. Ek oare diskogongers bemuoiden har mei de saak.