Iselmarferiening bliuwt bestean
De Feriening ta Behâld fan de Iselmar bliuwt foarearst bestean. De feriening hat har jierrenlang ynset tsjin de ynpoldering fan de Markerwaard. No't dat plan net trochgiet frege it bestjoer him ôf wat se noch dwaan moasten.
De feriening sil har no mear ynsette foar it behâld fan de âlde Iselmarstedsjes en de histoaryske Suderseediken.