Flat Out wint Liet 2002

© Omrop Fryslân
De formaasje Flat Out wie sneon de grutte winner fan it Fryske songfestival Liet 2002. Mei harren nûmer 'Fûgelfrij' wûn Flat Out sawol de publykspriis as de sjeurypriis. Flat Out jilde foarôf al as ien fan 'e kânshawwers, de groep wie ferline jier al twadde op Liet 2001.
Mei de winst op Liet hat Flat Out ûnder mear optredens wûn op Oerol en yn trije lytsere Fryske teaters.